Tonielferiening De Twa Doarpen

 
Sa as elk jier binne wy al wer drok dwaende mei in nij stik. Dit jier “TWA” it ferneamde stik fan Tryater. Wer giet it oer???  

It spilet yn in  kroech  dus……. wat wie taspasliker as d’Herberch yn Ketlik.   De kastlein en syn frou hawwe in drokke joun, bûten de wenstige gasten ek in hiele protte oare oanrin. Se hawwe it yn tiiden net sa drok hân. De wenstige gasten, û.o. Omme Kees, Sjonnie en Anita en ek dikke Gerke en Tryn fan Est komme eltse joun, mar der komt ek noch de hiele fiskploech, man wat in drokte.
De ferhâlding tusken de kastlein en syn frou lit wol es wat te winsken oer, hoe soe dat no sitte???
It is in bysûnder stik en….. jimme meie dit net misse.
In bysûnder stik, net te missen, dus in ekstra joun en  ‘n snein te middei !!  

Jimme kinne it meimeitsje op: De sterren in actie!
Freed 8 febr.       foar ‘e jongerein           om 20.00 û
Sneon 9 febr.      útfiering foar eltsenien   om 20.00 û
Tiisdei 12 febr.    foar de 55+
Freed 15 febr.    útfiering foar eltsenien    om 20.00 û
Sneon 16 febr.    útfiering foar eltsenien   om 20.00 û
Snein  17 febr.    útfiering foar elsenien    om 15.00 û  ( by foldwaande belangstelling  )  

Wy sille mar sizze …..wy wolle mar sizze……. Oant frebrewaris.  

Spilers De Twa Doarpen Ketlik/Mildam  

Wol graach kaarte  bestelle, want der kinne mar sa’n 60 minsken yn ‘e kroech  !! Dat kin by :
Gina Post            541918                    
Hennie Huisman 682475


 

 

 

Terug naar Nieuws